Nasjonaal rekord Bart Helmholt

02 jul 2006 - 17:42

Fierljepper Bart Helmholt ljepte sneon yn it Hollânske Linschoten in nij nasjonaal rekord: 19 meter en 48 sentimeter. It âlde rekord fan 19 meter 40 stie al sûnt 1991 op namme fan 'e Hollânske ljepper Aart de With.

Bart Helmholt sprong út klearebare bliidskip it wetter yn. Dat is in tradysje by it ferbrekken fan in fierljeprekord. De twakamp Fryslân tsjin Hollân waard sneon foar it earst yn 15 jier wûn troch Hollân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)