Narsingh yn foarseleksje EK

07 maaie 2012 - 14:47

Hearrenfeanspiler Luciano Narsingh sit by de foarseleksje fan it Nederlânsk alvetal foar it EK fuotbal. Bûnscoach Bert van Marwijk hat in foarlopige seleksje fan 36 man gearstald. Uteinlik bliuwe dêr 23 spilers oer dy't echt meigean nei it Europeesk kampioenskip yn Poalen en Oekraïne.

Narsingh siet earder dit jier ek by de Oranjeseleksje (oefenwedstriid tsjin Ingelân), mar kaam doe net yn aksje. Bas Dost, topskutter fan de earedivyzje mei 32 goals, is net selektearre troch Van Marwijk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)