Narsingh wer yn byld by Ajax

17 apr 2012 - 11:12

Hearrenfean oanfaller Luciano Narsingh stiet opnij yn de belangstelling fan Ajax. No't de Amsterdammers tichtby it lânskampioenskip binne wurdt der sjoen nei mooglike fersterkingen. Narsingh is, krekt as ôfrûne winter, ien fan de kandidaten. De oanfaller, dy't noch oant 2013 in kontrakt yn Fryslân hat, wol earst it seizoen goed ôfmeitsje. Dêrnei sil der praat wurde. Narsingh hat fan 't winter al oanjûn graach nei Ajax ta te wollen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)