Narsingh net wis by Cambuur

30 jan 2015 - 13:12
  • Furdjel Narsingh

Furdjel Narsingh sil nei alle gedachten net yn de basis fan Cambuur stean yn de útwedstriid tsjin FC Twente sneon. De oanfaller hat hinder fan in bilspier. Mooglik kin hy noch een kertierke ynsetten wurde mar in basisplak sit der foar him net yn. De fleugels sille beset wurde troch De Ridder en Rosheuvel. Op it middenfjild sil Bytyqi nei alle gedachten begjinne. Dat sil dan ten koste gean fan Erik Bakker. Leonard Nienhuis stiet wer op de goal en fierder sil trainer Henk de Jong net al te folle feroarje yn de opstelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)