Narsingh by Nederlânsk alvetal

24 feb 2012 - 12:25

Hearrenfeanoanfaller Luciano Narsingh is troch bûnscoach Bert van Marwijk opnaam yn de definitive seleksje fan it Nederlânske alvetal foar de oefenwedstriid tsjin Ingelân. Dat is niiskrekt bekend makke troch de bûnscoach. Foar Narsingh is it de earste kear dat er by de seleksje sit.

Ola John fan Twente sit ek as debutant by de definitive groep. AZ middenfjilder Adam Maher is ôffallen. De wedstriid tsjin Ingelân wurdt spile op woansdei 29 febrewaris yn it Wembleystadion yn Londen.

Rajiv van La Parra, linkeroanfaller by Hearrenfean, is foar it earst selektearre foar Jong Oranje. Dat spilet dizze wike tsjin Skotlân. Ferdigener Jeffrey Gouweleeuw sit ek wer by de seleksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)