Narje, ek yn fersoargingstehûs

05 okt 2009 - 15:05

Bewenners fan Fryske soarchsintra herkenne harren wol yn it ûndersyk nei narjen by âlderein. De universiteit fan Nijmegen hat útsocht dat ien op 'e fiif bewenners fan soarchsintra wolris narre wurdt. Dy't net yn 'e groep past, kin troch narjen yn in isolemint komme. Oant no ta wie der noch net folle bekend oer pesten by âlderein. Neffens de ûndersikers soene de resultaten fan it ûndersyk helpe kinne om der mear omtinken foar te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)