Nammen socht foar nije treinen

31 mrt 2006 - 17:46

Ferfiersbedriuw Arriva siket nammen foar de nije treinstellen dy't it oanskaft hat. Fia de website kinne reizigers ynkoarten nammen ynstjoere. Freedtemiddei wurdt op in byienkomst de sjuery fan de aksje Namen Nieuwe Treinen Arriva presintearre.

Arriva hat 43 nije treinen meitsje litten by it bedriuw Stadler yn Switserlân. Se sille fan't hjerst ynset wurde op de spoarlinen fan Arriva yn Fryslân en Grinslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)