Nammen RAF fleaners bekend

19 feb 2014 - 20:24
  • Dizze grêfstiennen sille no lang om let fan de nammen fan de fleaners foarsjoen wurde

De nammen fan seis bemanningsleden fan in RAF-fleantúch dat yn 1941 by Boazum delstoarte, komme einliks op harren grêfstien te stean. De manlju waarden begroeven op de Noorderbegraafplaats yn Ljouwert, mar koene net identifisearre wurde. Leden fan de Stichting Missing Airmen Memorial Foundation Fryslân ha mei help fan de loftmacht de gegevens en de nammen fan de fleaners boppe wetter helle. De Royal Airforce (RAF) hat de nammen befestige en no komt der ynkoarten in nije stien op it grêf te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)