Nammen Pop Gala bekend

06 nov 2007 - 12:54
  • Monstertux

De line-up fan it Fryske Pop Gala is bekend wurden. Op 8 desimber fynt it Gala yn De Lawei yn Drachten plak. Syb, Elske, Monstertux, Beand & Skep, Suicidal Birds, Boulevard, Illanois en noch tal fan oare bands sille dy jûn optrede.

Op de jûn sille njoggen Fryske popprizen útrikt wurde. Ferline jier foelen ûnder oaren Luie Hond en rapper Remon de Jong yn de prizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)