Nammen foar Jailbreak

28 apr 2012 - 07:53

De Eindhovense rock en roll-band Peter Pan Speedrock is de headliner fan it nije Jailbreak festival yn de Blokhúspoarte. Fierder is ek de band The Deaf, mei Di-rekt gitarist Spike, kontraktearre foar it festival.

It festival wurdt hâlden op 14 en 15 july, en rjochtet him neist muzyk ek op keunst en tatoeaazjes. Sa is ûnder oare ek tatoekening Henk Schiffmachter te gast. Yn de sellen fan de finzenis sille tatoeaazje-artysten út binnen- en bûtenlân komme om de festivalbesikers ekstra te fersieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)