Nammen doarpen bekend makke

04 feb 2012 - 16:48

De nije rige Doch it foar dyn Doarp begjint op 3 april yn Gerkeskleaster-Strobos. Dat hat filmregisseur Steven de Jong sneontemiddei bekend makke by Omrop Fryslân Radio. De Jong mocht bepale hokker fjirtjin doarpen oan de rige meidogge en yn wat foar folchoarder.

Yn Doch it foar dyn doarp krijt in doarp fiif dagen lang de tiid him te presintearjen op televyzje. Oan de ein fan de rige is der in priis foar it doarp dat dat as moaiste dien hat. Ferline jier by de earste rige fan it programma gie dy priis nei Droegeham.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)