Namme Súdwest Fryslân ferkeard

23 feb 2011 - 22:11

De Feriening Frysk Underwiis warskôget de gemeente Súdwest Fryslân foar it meitsjen fan flaters by it kiezen fan de nije namme fan de gemeente. Sels de hjoeddeistige namme Súdwest Fryslân doocht net, want dêr sit no gjin keppelteken tusken.

Sneek Súdwest-Fryslân kin ek net, want dat soe Snits Súdwest-Fryslân wêze moatte. Súdwestergo is ek noch neamd as mooglik definitive namme, mar dat heart eins Súdwestergoa te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)