Namme op fyts anonime ferwûne

08 jun 2011 - 12:13
  • Foto: Auke Zeldenrust (Omrop Fryslân)

De plysje hat op de fyts fan de man dy't tiisdei by in ûngelok by Jellum slim ferwûne rekke, de namme Sietse van der Veen fûn. De plysje giet der net fanút dat de man sels sa hyt, mar kin dat net kontrolearje omdat er net oansprekber is en ek gjin papieren by him hat. Der is boppedat noch altyd gjinien as fermist opjûn.

Mooglik hat de man de fyts ea kocht fan in Sietse van der Veen. De fyts is fyftjin oant tweintich jier âld. Wa't mear wit, kin belje mei 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)