Namme nije fúzjegemeente wurdt bekend makke yn Sint-Anne

16 des 2015 - 15:54
  • It gemeentehûs fan It Bilt yn Sint-Anne

De namme fan de nije fúzjegemeente fan It Bilt, Menameradiel, Frjentsjerteradiel en in part fan Littenseradiel wurdt woansdeitejûn bekend makke yn it gemeentehûs fan It Bilt yn Sint-Anne. Earder soe de namme bekend makke wurde yn it gemeentehûs fan Menameradiel yn Menaam, mar troch de grutte publike belangstelling dy't ferwachte wurdt, is de fergadering ferskood.

De nammen dêr't út keazen wurde kin, binne Nij Westergo en Waadhoeke. Franeker foel yn in eardere ronde ôf. De ynrin is om healwei achten, om acht oere wurdt de namme bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)