Namme Friese Pers ferdwynt

13 feb 2007 - 18:15

De bedriuwsnamme Friese Pers ferdwynt. De útjouwerij fan 'e Ljouwerter Krante hjit fan july ôf NDC Mediagroep. Mei Hazewinkel Pers, de útjouwer fan it Dagblad van het Noorden, giet de Friese Pers folslein op yn de NDC.

NDC (Noordelijke Dagbladcombinatie) is ek de namme fan de holding dêr't de twa kranten no ek al yn gearwurkje. Mei de nije namme NDC Mediagroep wol it bedriuw it multimediale karakter fan it bedriuw ûnderstreekje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)