'Namme Drachten te grut'

03 des 2010 - 10:48
  • De namme Drachten linksboppe is grutter as Smallingerland

De fraksjes fan GrienLinks en FNP yn de gemeenteried fan Smellingerlân steure harren oan it gemeentebestjoer. Dy skriuwt de namme Smellingerlân lytser as dy fan Drachten. De fraksjes sprekke fan in temûke feroaring fan 'e gemeentenamme. Dat is bygelyks te sjen op útnoegings en op de webside fan de gemeente.

Yn de gemeentewet stiet neffens de fraksjes dat de namme allinnich feroare wurde kin troch de gemeenteried en net it kolleezje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)