Namme betinke foar brêge Snits

28 feb 2009 - 15:29
  • De nije houten brêge

Ynwenners fan Snits kinne sels in namme betinke foar de nije houten brêge oer de rûnwei. De gemeente, de provinsje en Rykswettersteat ha dêr in priisfraach foar útskreaun.

Der binne wol wat betingsten dêr't oan foldien wurde moat. Sa mei de namme op syn meast tsien letters ha. Hy mei net nei in persoan ferwize en net lykje op nammen, doarpen of bygelyks marren yn de omjouwing. De winner wurdt yn april yn it sintsje set, as de brêge offisjeel iepene wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)