Namme Amicitia ferdwynt

04 feb 2003 - 00:00

De namme Amicitia yn Snits is aanst ferline tiid. De gevel fan de bioskoop wurdt opknapt. Dan wurdt de namme ek feroare yn Cine Sneek. Eins is dat wat betiid want pas yn 2006 ferliest it kulturele kompleks syn teaterfunksje. Troch de renovaasje wurdt dochs no de namme al feroare.

Oan de linkerkant fan de gevel komt in silhûet fan de drogist dy't oant 1976 yn dat pân siet. It monumintale rjochterdiel wurdt renovearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)