Namme Amelân net mear op shirt

19 sep 2009 - 15:27
  • Namme It Amelân net mear op shirt FC Grins

De namme fan It Amelân stiet mei yngong fan it nije fuotbalseizoen net mear achter op de shirts fan earedivyzjeclub FC Grins. It Amelân hat in kontrakt foar trije jier en dat is takom jier ôfrûn.

Jierliks betellet it waadeilân sa'n 180.000 euro foar de shirtreklame. In grut diel fan it promoasjebudzjet giet dan ek op oan dizze foarm fan sponsoring. As ûnderdiel fan it sponsorkontrakt spile FC Grins ferskate oefenwedstriden op It Amelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)