NAM wol gas út Droegeham

28 jan 2010 - 15:07

De NAM wol begjinne mei gaswinning út in lyts gasfjild by Droegeham. It giet om in gasfjild fan 300 miljoen kubike meter gas. Dêrmei kin in stêd lykas Ljouwert in pear jier ferwaarme wurde. Minister Van der Hoeven fan Ekonomyske saken hat in fergunning ferliend foar de gaswinning.

Neffens de NAM is der gjin gefaar foar in grutte boaiemdelgong, omdat op 3 km djipte wurke wurdt. De grûn kin op syn meast in pear sintimeter sakje yn in lyts gebiet en dat jout gjin problemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)