NAM warskôget foar oerlêst

10 aug 2014 - 10:55
  • Boareilân by It Oerd op It Amelân

De NAM sil de kommende tiid ûnderhâld dwaan oan de trije gaswinynstallaasjes op en by It Amelân. It gasbedriuw docht der alles oan om de oerlêst te beheinen, mar it bedriuw warskôget dat it wurk foar oerlêst soargje kin by it strân by Ballum.

Kommende wike sette de tariedende wurksumheden útein. Yn de hjerst en de winter begjint it echte wurk oan de ynstallaasjes. Yn febrewaris 2015 wurdt de gaswinput op it lân oanpakt. Der wurdt in boartoer by brûkt om ûnderdielen fan de besteande put te ferfangen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)