'NAM-stekken moatte fuort'

13 maaie 2004 - 00:00

It CDA yn Dongeradiel steurt him oan 'e stekken om it NAM-boarplak by Wetsens. Dêr waarden earder proefboarrings dien, mar neat fûn. De stekken stean der noch wol en dat is neffens it CDA 'hoarizonfersmoarging'.

De gemeente wol no de Nederlandse Aardoliemaatschappij freegje oft de stekken fuort kinne. Dongeradiel wol se dan wol oernimme en brûke foar in nij opslachplak foar grûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)