NAM pleatst piip by Ingwierrum

30 jun 2008 - 14:11

De Nederlandse_Aardolie_Maatschappij NAM pleatst dizze wike in nije piip yn de gaswinningsput by Ingwierrum. By it testen fan de nije lieding sil der gas frijkomme dat fuortendaliks ferbaarnd wurdt. Omwenners kinne dêr wat lêst fan hawwe.

De NAM besiket it wurk te beheinen oant dizze wike. Der sil allinnich oerdei tusken acht oere moarns en fiif oere middeis wurke wurde. Yn Ingwierrum wurdt sûnt 2003 gas wûn. De put sil yn ´e takomst ferdwine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)