NAM pleatst gaswinningsput by Warfstermûne

16 des 2015 - 14:33

De Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) hat yn Warfstermûne de 50e lytse gaswinningsunit pleatst. Dizze ynstallaasjes binne like grut as in boekekast en meitsje it mooglik gas te winnen út lytse gasfjilden. De units steane yn Fryslân, Drinte, Noard- en Súd-Hollân.

De nije put by Warfstermûne is dizze hjerst oanboarre. Der sit sa'n kwart miljard kúb gas yn. De put wurdt yn de rin fan 2016 yn gebrûk naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)