NAM past gaslokaasjes oan

08 jul 2011 - 11:01

De Nederlânske Aardolie Maatschappij (NAM) sil de gaswinlokaasjes by Oerterp en de Grinzer Pein oanpasse, sadat der langer gas wûn wurde kin. De ôffakkeltoer wurdt ferfongen en sil tenei net mear konstant brâne. Ek wurdt der in gaslieding fan 7 km tusken de beide lokaasjes oanlein.

It projekt kostet inkele tsientallen miljoenen euro's. Troch de renovaasje kin der de kommende fiif oant tsien jier noch sa'n twa miljard kúb produsearre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)