NAM: gaslieding feilich

30 mrt 2010 - 09:36

De gaslieding fan de Nederlandse Aardolie Maatschappij dy't by de seedyk by Lauwerseach lâns leit, bringt de feilichheid fan de seedyk net yn gefaar. Dat docht bliken út in oanfoljend ûndersyk yn opdracht fan Wetterskip Fryslân.

Oanlieding foar it ûndersyk is it beswier dat in tal belanghawwenden yntsjinne hie by de Ried fan Steat. Neffens har foldocht de gaslieding net oan alle feilichheidseasken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)