Nakkes wint Cameretten net

01 des 2002 - 00:00

It kabaretduo Nakkes, Susanne Zuurbier en Catrien van der Molen, hat sneon net wûn op it kabaretfestival Cameretten yn Rotterdam. Ut njoggen acts binne trije finalisten selektearre. Neist Nakkes wiene dat Wouter Depreze en it duo Ruben en Nathan.

De lêsten ha it festival wûn. Neffens de sjuery fielden se har thús op it poadium en docht út har program bliken dat se in soad yn har marse ha. Se krigen ek de publykspriis takend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)