Nagashima wint 500 m op Thialf

14 nov 2010 - 14:48
  • Stefan Groothuis (foto: Sportfoto.nl)

De twadde 500 meter foar de manlju by de wrâldbekerwedstriiden op Thialf is sneintemiddei wûn troch de Japanner Keiichiro Nagashima. Hy die dat yn in tiid fan 34.97. Nagashima wie de iennichste dy't ûnder de 35 tellen bleau.

Syn lângenoat Joji Kato waard twadde yn 35.01. Kang-Seok Lee út Korea waard tredde. De bêste Nederlanner wie Stefan Groothuis. Hy waard achtste yn in tiid fan 35.24.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)