Nachtwake foar asylsikers

15 des 2002 - 00:00

Yn sân Fryske tsjerken binne dit wykein nachtwakes hâlden foar útprosedearre asylsikers. Troch it nije asylbelied driigje dy meikoarten op strjitte te stean. Tsjerken yn ûnder oare Ljouwert, Boalsert en op It Hearrenfean protestearje dêrtsjin.

Yn de tsjerken diene asylsikers harren ferhaal en koene besikers in petysje tekenje. De tsjerken wolle dat it regear de asylsikers in generaal pardon jouwe op humanitêre grûnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)