Nachtswimmaraton wer ris werom

15 apr 2006 - 17:14

Sa'n 150 minsken ha freedtenacht en sneontemoarn in nachtdûk makke yn swimbad De Telle op It Hearrenfean. Se diene dat om jild by-inoar te swimmen foar in goed doel.

It wie foar it earst yn 15 jier dat de nachtswimmaraton wer ris hâlden waard. Begjin jierren njogggentich hâlde de swim- en poloferiening der mei op, omdat it te djoer waard. Omdat de klub dit jier 75 jier bestiet, stie de maraton wer ris it programma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)