Nachts mear leven troch wynmûnen

03 maaie 2006 - 07:19

Wynmûnen meitsje jûns en nachts mear leven as oerdeis. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Grinzer wittenskipper van den Berg. Klachten fan omwenners dy't min sliepe kinne fanwege it leven, binne terjochte, seit hy.

Van den Berg hat ûnder oaren mjittings dien by in wynmûnepark yn Dútslân. Dêr docht út bliken dat it nachts oan de grûn wynstil wêze kin, wylst it op gruttere hichte wol waait. Oerdeis is dat net sa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)