Nachts befoarriedzje mei wol

14 aug 2008 - 13:32

Wassenaar yn Sint_Anne mei foarearst syn winkel wol nachts befoarriedzje. Dat hat de Rie fan Steat besluten. De gemeente It_Bilt woe de supermerk in strange lûdsnoarm oplizze om de lûdsoerlêst te beheinen foar it soarchsintrum oan 'e oare kant. Sa'n strange lûdsnoarm is pas nedich as de soarchflat klear is, fynt de rie.

De Rie fan Steat sette de bou fan it soarchsintrum goed in jier ferlyn stil. De gemeente hie in flater yn 'e bouproseduere makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)