Nachtlessen foar goed doel

26 apr 2006 - 15:08

100 learlingen fan it Dockinga- kolleezje yn Dokkum ha tiisdeitenacht les hân foar it goeie doel. Moarns binne de boppebouwers begûn mei in ynsammelaksje foar skoallen yn Kenia. Neist de lesmaraton wie der ek in groep dy't de Ofslútdyk rûn hat.

Foar de aksjes moasten de learlingen sponsors sykje. De nachtlessen wiene oars as reguliere lessen. Sa wie der in SCI-les, mochten se kij melke en krigen se drumles op in djembee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)