Nachtfleanen is wer begûn

10 okt 2001 - 00:00

Sa't guon al fernommen ha, is it nachtfleanen op de Ljouwerter fleanbasis wer begûn. Oant heal april sille F-16 fleantugen moandeis en tiisdeis de loft yn. Se oefenje mei ynfrareadapparatuer.

Alle piloaten moatte jierliks 20 kear nachts fleane om goed treend te wêzen. De lieding fan de fleanbasis besiket ek yn oare lannen te oefenjen om de lûdsoerlêst foar de stêd te beheinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)