Nacht fan Drachten no woansdei

17 maaie 2009 - 15:29
  • De band Mango

Takom woansdei wurdt yn Drachten wer de jierlikse Nacht fan Drachten holden. It evenemint wurdt alle jierren de nacht foar himelfeartsdei organisearre yn de hoarekagelegenheden op de Kaden.

Yn alle kafees en diskoteken is dan in live-optreden. Gelegenheden dy't meidogge binne ûnder oare de Swetser, Champino, J&M en Neighbours. Yn kafee Scooter's is in optreden fan de formaasje Mango. Dat optreden begjint om 22.00 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)