Nacht fan de tsjusterens

27 okt 2007 - 12:22
  • De lantearnepeallen yn Ketlik binne út
  • Der wurdt in proef dien mei ljochtbeakens

Yn de nacht fan sneon op snein is it de 'Nacht fan de tsjusterens'. Dat is in jierliks weromkommende aksjenacht wêryn't it tsjuster it winne moat fan it keunstljocht. Gemeentes tinke mear nei oer oare wizen fan ferjochting yn wenwiken en it bûtengebiet.

It Hearrenfean set sneon út ein mei in proef fan minder ferljochting op stritte en hat de lantearnepeallen rûnom Ketlik útdien. Dêr wurdt in proef dien mei ljochtbeakens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)