Nacht fan de filosofy

29 mrt 2008 - 10:22

Yn Ljouwert wurdt freed 11 april de earste 'Nacht van de Filosofie' holden. Fan acht oere jûns oant ien oere nachts binne der yn histoarysk sintrum Tresoar lêzings, debatten, films en muzyk. Sa binne der optredens fan Remon de Jong, Meindert Talma en Gerrit Breteler.

De nacht van de Filosofy wurdt holden yn it ramt fan de 'Maand van de Filosofie'. Tema is 'de stêd'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)