Naaikursus foar wurkleazen

20 mrt 2009 - 15:30
  • Ien fan 'e dielnimsters oan de naaikursus

Wurkleazen kinne op It Hearrenfean oan de bak mei in naaikursus. De dielnimmers libje no noch faak fan in útkearing. Op it stuit folgje achttjin froulju de kursus yn it eardere gebou fan SCI. It is de bedoeling dat se aanst oan it wurk kinne yn bygelyks âldereintehuzen.

Foaral foar allinnichsteande memmen is it wurk ideaal. Se kinne harren tiid sels yndiele. Der is in soad animo foar de kursus. De measte dielnimsters binne entûsjast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)