NA sil demonstrearje op Nijstêd

27 aug 2004 - 10:10

De Nasjonale Alliantie Ljouwert, de NA, sil op sneon 4 septimber op de Nijstêd demonstrearje tsjin wat de NA multikultureel geweld neamt. De NA hat demonstraasje oanmelden by de gemeente.

De NA sjocht in ferbân tusken it geweld yn Ljouwert fan 'e ôfrûne tiid en de kulturele eftergrûn fan 'e minsken dy't dêrby belutsen binne. Boargemaster Dales sjocht gjin reden om de demonstraasje te ferbieden. Elts mei syn miening uterje, sa seit er.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)