N384 tusken Dearsum en Easterlittens weriepene

25 sep 2015 - 12:34
  • De weriepening fan de Froonackerdyk (N384) tusken Dearsum en Easterlittens
  • Deputearre Poepjes by de weriepening fan de N384

De provinsjale Froonackerdyk (N384) tusken Dearsum en Easterlittens is freedtemoarn weriepene. De provinsje hat it ôfrûne jier oan de dyk wurke. Sa is der op it hiele trajekt nij asfalt kaam. Ek binne de krúspunten by Boazum en Easterlittens oanpakt. Dêr binne no rotondes kaam om de feiligens te ferbetterjen.

De ôfslaggen nei Mantgum en Britswert binne ek feroare. Dêr is in ekstra rydstrook foar linksôf oanlein. It krúspunt by Wiuwert hat in opfallende kleur krigen sadat it foar automobilisten dúdliker is dat dêr in krusing is.

Takom jier wurdt by Wjelsryp noch in miny-ovonde oanlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)