N381 wurdt net fjouwerbaans

13 des 2006 - 12:11

De provinsje giet der fanút dat de nije provinsjale dyk tusken Drachten en de Drintse grins, de N381, twabaans bliuwe sil. Deputearre Ton_Baas wol net langer wachtsje oant de gemeenten Opsterlân, Eaststellingwerf en Smellingerlân jild beskikber stelle sille om de dyk fjouwerbaans te meitsjen.

De gemeenten wolle graach fjouwer banen, mar lizze gjin 20 miljoen euro dêrfoar op it kleed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)