N381 online te besjen

27 jan 2009 - 11:17

Fan it noardlik en súdlik trajektpart fan de N381 is moandeitejûn in ynteraktive kaart online gien. Op de site n381.nl, kinne minsken it foarûntwerp fan de dyk besjen. Der binne filmkes en oare ôfbyldings fan de besteande en takomstige situaasje te sjen.

De provinsje wol sa dúdlik meitsje hoe´t ien en oar derút komt te sjen. It part Donkerbroek-Easterwâlde wurdt yn de kaart opnommen nei´t it beslút dêroer fan ´t simmer nommen wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)