N381 foar part dûbel

10 feb 2010 - 16:11

De N381 wurdt foar in part dûbel oanlein. It giet om it stik fan Drachten oant Donkerbroek. Dat wol in mearderheid fan de Steaten. Dy hat dêr 15 miljoen euro foar beskiber steld.

It fjouwerbaans oanlizzen fan de nije N381 is in grutte winsk fan de belutsen gemeenten. De provinsje fynt dat te djoer. De fraach is oft de gemeenten de rest fan it jild op it kleed lizze sille. Eaststellingwerf docht dat net, want feilichheid is in saak fan de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)