N381 by Beilen folslein ôfsletten nei ûngelok

16 maaie 2015 - 13:56

De provinsjale dyk N381 is sneontemiddei by Beilen yn beide rjochtingen folslein ôfsletten fanwege in earnstich ûngelok. Der leit in auto op de kop yn 'e sleat. Yn de auto sitte twa minsken beknipe. Plysje, brânwacht en ambulânse binne te plak om de slachtoffers te helpen.

Ferkear fanút Fryslân moat rekken hâlde mei fertraging en omliedings. Pas oan de ein fan de middei waard de provinsjale wei wer frijjûn foar al it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)