N361 wer as doarpsdyk brûke

15 okt 2008 - 14:31

De N361, troch de Trynwâlden hinne, moat yn de takomst wer gewoan in doarpsdyk wurde. Dat is de fisy fan de wurkgroep Trynwâlden.

De dyk wurdt oanpast fanwege de oanlis fan de Sintrale As, de nije dyk fan Dokkum nei Nyegea. It ferkear dat no oer de N361 rydt, moat dan oer de Sintrale As. De provinsje is wiis mei it ûntwerp fan de wurkgroep. De dyk soe maklik as doarpsdyk ynrjochte wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)