N359 moat stiller en griener mei mear wetter

07 maaie 2015 - 11:01
  • De N359 by De Lemmer

Bettere fytspaden, stiller asfalt en mear grien en wetter. Sa moat de N359 troch De Lemmer der út komme te sjen as it oan de provinsje en de gemeente De Fryske Marren leit. De snelheid fan 70 kilometer bliuwt wol hanthavene. Yn in oare fariant is praat oer 50 kilometer, mar derfoar soe de hiele dyk opnij ynrjochte wurde moatte en dat is te djoer. Om de lûdsoerlêst te ferminderjen komt der stil asfalt en lûdswâlen. De oanpassings moatte de leefberens fan de drokke provinsjale dyk dwers troch De Lemmer ferbetterje.

Omwenners koene fia in klankboerdgroep meiprate oer de feroarings. Op 3 juny wurde de plannen foarlein oan de ynwenners. Nei de simmer nimme de gemeente en provinsje in definityf beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)