N358 tusken Blauforlaet en Bûtenpost giet tydlik ticht

02 sep 2015 - 14:12
  • Nij asfalt

De N358 tusken Blauforlaet en Bûtenpost is fan moandei ôf twa wiken ticht. Ferkear moat dan omride oer Droegeham en Twizel. Reden fan de ôfsluting binne wurksumheden oan de dyk. De provinsjale dyk wurdt breder makke. Ek krije in oantal wenningen oan de N358 in apart paad. Fierder komme der spesjale stroken yn de dyk om lânbouferkear yn te heljen.

Dit moat de feiligens fergrutsje. It ôfrûne healjier hat de provinsje drok dwaande west mei de tariedings hjirfoar. Sa is der ûnder oare sân stoarten as fundearring foar de fernijde dyk. Ein oktober moat it wurk oan de N358 hielendal klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)