N358 mooglik ôfsletten

17 des 2009 - 13:52
  • In soad oerlêst moarns betiid

De provinsjale dyk N358 by Bûtenpost wurdt mooglik ôfsletten. Dêr leit in fiadukt oer it spoar. Dat is sa glêd dat foaral frachtauto's der net by opkomme kinne.

Neffens provinsjale wettersteat wurdt de algemiene situaasje op de provinsjale diken der net better op. Der wurdt wol fage en struid, mar der is net safolle ferkear. Dêrtroch wurdt it sâlt net ynriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)