N31 yn top 10 gefaarlike diken

24 aug 2000 - 17:52

De dyk tusken Harns en de Ofslútdyk stiet yn 'e top 10 fan Nederlâns nuodlikste diken. Op it 11 kilometer lange twabaansstik binne de lêste jierren njoggen minsken om it libben kommen. Der foelen 46 ferwûnen.

Rykswettersteat hat warskôgingsbuorden delset. Dat is net genôch, sa fynt de gemeente Harns. It Ryk wol gjin jild beskikber stelle foar de ferdûbeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)