Nêsten mûzebiters besketten

19 apr 2012 - 10:03

De plysje docht ûndersyk nei de fernieling fan trije nêsten fan mûzebiters. By in mienskiplike kontrôle mei de provinsje Fryslân ûntduts de plysje dat yn Warten, Nij Beets en Drachten trije nêsten mei hagel besketten wiene.

De nêsten hawwe swiere skea oprûn. Foar briedende fûgels binne se net mear geskikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)